Hjirby wol ik my graach efkes foarstelle. Ik bin Gerard van Asselt, 38 lentes jong en wenje sûnt febrewaris yn Seisbierrum mei myn freondinne Sieta en har dochters Veerle (6) en Fay ( 4). Yn myn frije tiid mei ik graach te snoekfiskjen, mei de boat der op út, yn it hout dwaande en fansels ‘met de paplepel ingegoten’, aaisykje/neisoargje. Ofrûne jier ha ik in ferskaat oan (frijwilligers) wurk dien. Dit foar ANV de Greidhoeke en de BFVW. Binnen de ANV as mozaïekregisseur en binnen de BFVW as gebiedskoördinator.
Sûnt ôfrûne oktober meitsje ik diel ut fan de wurkorganisaasje fan ANC Westergo. Deryn bliuw ik mozaïekregisseur foar it gebied fan ANV Greidhoeke en leit myn fokus foaral op de praktyske kant fan it ANLB. Myn grutste belang is hjiryn de greidefûgel. Dy stiet foar my foarop. En dit yn gearwurking mei alle belutsen boeren, fûgelwachten, leanwurkers, WBE, etc . Ik hoop foar kommend seizoen wer in positieve ûntwikkeling te kreëarjen. Op hokker wize ek mar. Mar troch dit mei syn allen oan te gean, de skouders der ûnder, tink ik dat dit seker mooglik is.
As ik werom sjoch nei it ôfrûne jier, kin ik gerêst sizze dat dit best wol in goed jier wie. Uteinliks ha we wer in soad piken sjoen (m.ú.f. de earste lech). Yn it fjild die ek bliken dat de fûgels massaal it wetter opsochten. Wat wie it droech!! Ik tink dan ek dat it fan essentieel belang is om goed yn te setten op kombinaasjes (wetter, weidzje, krûdenryk, roege dong). Fansels bin der altyd punten wer’t je as fjildman net bliid fan wurde. Nim no de predaasje. Lokkich bin ek dêr oplossingen foar, alinne kostje dy tiid. Mar tiid wurdt ek beleane. Sjoch bygelyks nei de pilot’s oangeande de stienmurd. Troch de mûzepleach ha de stienmurden miskien wol de greidefûgels/nesten wat mei rêst litten rinnende it seizoen. It is no mar de fraach hoefolle fan dizze bisten hjir no echt om spoekje. Ik tink in hele bult.
Ik ha sin yn de maitiid, it fjild yn. En sa as sein, der mei syn allen wer wat moais fan te meitsjen!!
Groetnis,
Gerard
06-83254687