Yn de nijsbrief fan begjin fan dit jier haw wy al sein dat 2023 in spannend jier wurde soe. En no kinne wy yn de lêste nijsbrief van ANC Westergo yn 2023 de konklúzje lûke dat it yndie spanend west hat, mar dat wy der mei it ANLB yn it gebiet fan ANC Westergo no goed foar steane.
Troch de trage Haachske beslútfoarming is it ús net malklik makke, mar mei grutte ynset fan ús meiwurkers is it allegearre toch noch knap slagge.
Yn de nije pakketten is in indexering fan de fergoedingen opnaam, wêrmei de fergoeding wer in bytsje meigiet mei de stiging fan kosten op ús bedriuwen. Dat wie ek allegearre goed ôfpraat, mar Den Haach wie fergetten om te regeljen dat der dan ek mear budzjet frij makke wurde moat. De provinsje wie it mei ús iens dat de omfang fan it behear wol minimaal gelyk bliuwe moat. Dêrtroch is der by de provinsje noch net genôch jild om de hiele 6 jier fan 2023- 2028 fol te meitsjen. Mar yntusken is der wol in oplossing fûn en ha wy yn desimber (dus in jier te let!) de beskikking krigen foar it útfieren fan ANLB foar de kommende jierren.
Ek moasten wy flak foar de start fan it seizoen noch mei de nije behearpakketten foar it ANLB op paad om de nije ôfspraken te meitsjen. Dat koe net earder omdat de foarwaarden foar de pakketten te let bekend makke binne. Foaral it ynpassen fan in berch nij behear foar wetter (de krûdenrike rânnen fan 5m), skrieze-oanfalsplan (Gruto AanvalsPlan yn Baarderadiel en Greidhoeke), ikkerbou en klimaat hat in soad wurk west. Grutte tank foar de mozaïek- en gebietsregisseurs dy’t soarge hawwe dat alles op de tiid regele is en yn de systemen ferwurke.
Al dwaande leart men, dêrom sille wy in 2024 mei in oantal oanpassingen op de pakketten komme, benammen de mooglikheden om CO2-fêstlizzing yn de klimaatpakketten. Ek sjogge wy nei de mooglikheden foar in mozïektaslach foar bedriuwen mei in heech oandiel swier behear.
Foar de ikkerbouers wie it it earste jier dat se meidwaan koene. Begjin desimber ha wy mei harren om de tafel sitten iom dit earste seizoen troch te nimmen. Der binne noch wol wat puntsjes dy’t better kinne, mar yn it algemien wiene de erfaringen fan it earste jier posityf. Spitich dat net alle sied goed opkommen is omdat it dit jier ekstreem let wie mei ynsiedzjen fanwege kjeld en wetter, en dêrnei yn maaie en juny krekt ekstreem droech.
Foarich jier sieten wy der oer yn dat der konkurrinsje wêze soe tusken it ANLB en de nije Eco-regelingen fan it GLB. Dat is achternei meifallen, it besteande behear is foar it grutste part lizzen bleaun en der is in soad nij behear yntekene. En yn tsjinstelling met de Eco-regelingen bliuwt de fergoeding foar ANLB sa’t wy fan tefoaren ôfpraat hawwe. Wol soe it kinne dat de útbetelling yn 2024 wat letter wurdt as oars, omdat RVO ek drok is mei oare saken, û.o. de ecoregelingen, en ek omdat der mear ANLB is en mei nije pakketten.
Wy sjogge werom op in goed jier 2023 en sette ús yn om te soargjen dat yn 2024 alles fierder op syn plak falt.
Goede jierwikseling tawinske en in sûn 2024 mei in protte greidefûgels en bioferskaat op ús boerebedriuwen.
bestjoer ANC Westergo
Gabe Schaaf