In fûgelryk jier!

 

 

 

 

We begjinne oan in nij jier. We sjogge út nei de maaitiid en sette opnij de skouders derûnder en hoopje op in goed jier lykas 2019. Want mei mingde gefoelens sjogge we werom op it ôfrûne jier.  De sizwize “Niet elk jaar is goed, maar er is iets goeds in elk jaar” is hjir seker op fan tapassing. De risseltaten fan it greidefûgelbehear 2020 stelle djip teleur en freegje om folhâlden, trochsette en elkoar stypje. De mûzen wiene fuort, mar de predatoren dielden mokerslaggen út. Der begjint gehoor te kommen op it predaasjefraagstik. En ek de ynset om de predaasje yn te dammen is heech.

Koartom, de tarieding op it nije seizoen is los en oer in oantal wiken moatte de plas-drassen wer ûnder wetter. Der is swier ynset op pompen en hegere wetterstân. Boskjes en rûchte is op in protte plakken oanpakt. Dus se kinne mar komme.

Spitich dat it meielkoar oparbeidzjen troch start-bijienkomsten en fergaderingen oan bannen leit troch de Corona maatregels. Want yn dy persoanlike kontakten en útwikseling fine je dochs faaks de ynspiraasje en motifaasje om it noch better te dwaan. Ek al leit it grutste geniet aanst wer yn it fjild.

Berend Santema, foarsitter Westergo