In nije start yn 2023

It jier 2023 is al wer in pear wike ûnderweis. It liket in spannend jier te wurden foar de agraryske sektor. Foar de feehâlderij sil dit jier dúdlik wurde moatte hoe’t de stikstofproblemen oplost wurde kinne. Yn it landbouwakkoord dat op dit momint skreaun wurdt sil dat in belangryk oandachtspunt wêze. Mar ek de hege enerzjy-prizen, de gefolgen fan de oarloch yn Oekraïne, de ynflaasje, ôfbou fan de derogaasje en nij GLB-systeem mei Eco-regelingen meitsje dit in roerige tiid  mei grutte gefolgen foar de bedriuwsfiering en de fertjinsten. De hege priis foar molke en fee makket op’t heden in soad goed, mar it perspektyf foar de langere termyn freget oandacht.

Ek foar ANC Westergo wurdt 2023 in spannend jier.

Ten earste wurdt de earste ANLB-perioade ôfslúten en begjinne wy oan in nije perioade fan 6 jier mei nije ôfspraken en nije oandachtsgebieten. Besteand behear wurdt safolle mooglik trochsetten yn de nije ANLB-pakketten. Dêroer hawwe dielnimmers fia de mail al berjocht krigen, en dat sil mei de eigen mozaïekregisseurs trochpraten wurde en yn de nije kontrakten fêstlein.

Mar der komt ek nij behear by, benammen klimaatpakketten en ikkerbou binne foar ANC Westergo nij. Mar de gong sit der goed yn en mei mei de earste dielnimmers binne al ôfspraken makke.

No’t de earste ANLB-perioade ôfslúten wurdt kinne wy konkludearje dat ANC Westergo in sterke ûntwikkeling trochmakke hat. Yn 2016 binne wy losgien mei it ANLB mei in budzjet fan ca EUR 1 miljoen, yn de jierren dêrnei ha wy regelmjittich jild der by krigen om besteand behear te fersterkjen en nij behear op te starten. Mei it jild foar it Skrieze Oanfalsplan Baarderadiel wie der yn 2022 in groei nei EUR 2,3 mln. Dat freget in soad ynset fan ús minsken, mar jowt ek moaie kânsen om it agraryske natuerbehear op in goede wize del te setten en te beleanjen.

Mar wy binne der ek noch net. Yn 2023 krije wy net allinnich ekstra budzjet foar klimaat, wetter en ikkerbou, mar ek om in twadde gebiet foar it Skrieze Oanfalsplan op te setten, yn it gebiet tusken Boalsert en Easterlittens. Sa kinne wy moaie greidefûgelkearnen mei elkoar ferbine en útbreide, û.o.  Murk Nijdam, Skrok en Skins.

En it is noch ôfwachtsjen wat de ynfloed fan de ynfoering van de Eco-regelingen hawwe sil. Posityf is dat der in ekstra stimulâns komt foar mear biodiversiteit en lânskipsbehear op it agraryske bedriuw. Oan de oare kant kin it ek ta gefolch hawwe dat ANLB ferfalt om yn oanmerking te kommen foar mear jild út de ecoregeling. Foar ús steane de greidefûgels en biodiversiteit foarop, it soe moai wêze dat wy oer in jier konkludearje kinne dat ecoregelingen en ANLB elkoar fersterkje.

Der stiet dus ek foar ANC Westergo hiel wat op priemmen. De foarbereidingen binne klear, dus kinne wy no oan it wurk. 2023 sil in jier wurde mei hiel wat feroaringen en útdagingen, sawol foar de boeren as foar ANC Westergo en de ANV’s.

bestjoer ANC Westergo
Gabe Schaaf