Noch steeds skriezepiken yn it lân. 

Yn de plasdrassen wêr’t no noch wetter stiet, sa as by Bruinsma te Lollum, Nijdam te Wommels en Skrok fan Natuurmonumenten skarrelje ein augustus noch steeds piken rûn. Jappie Seinstra makke in foto fan dizze pyk. Dizze pyk is 15 juny ringe en wie doe 24 dagen âld, Hjirmei wurdt it wol dúdlik dat de piken ek ‘simmer’-plasdrassen nedich ha om sterk te wurden en fit genôch te reitsjen foar de reis nei it Suden ta. Ein juny sieten der rûn Skrok groepen fan 600 skriezen, wêr fan 80-90% piken wiene. No ferbliuwe der noch groepkes tusken de 10 en de 20 skriezepiken. Oar jier sil in diel fan de piken al brieden gean, mar it gutste part sil it foarjier fan 2022 brûke om te sjen wêr’t geskikte briedplakken binne. Yn 2023 kin we hooplik in ynfaasje ferwachtsje fan de skriezepiken dy’t grut wurden binne yn dit gouden greidefûgeljier.